augustus 3, 2020
Wylst Atalanta
fan gjin wiken wit,
syn kleur jout oan it wyt,
de swiete drank opsûget,
dronken wurdt, der neat om lit,
gjin blêd of blom útrûget,
leit Suzanna noch te sliepen.
Suzanna hat fan-
nacht te stappen west,
’t wie yn de wike dy’t
gjin wike is, want Snits is
like firusdronken as de rest,
mar dochs, Suzanna, bist wis
noch net wekker om te testen.
juli 27, 2020
Foar har gjin oardel meter
fan har bern, krekt út ’e dop,
benijd nei al it nije
wat op ’e wrâld te krijen is,
foar harren kin ’t net op.
Net fierder as in meter
is de ôfstân dy’t mem hâldt,
it binne mear as trije,
it giet mei twa derby soms mis,
it leit him oan de rôt.
Sy hat it minder troffen
yn har libben sûnder kroas,
sy koe de dea net mije,
it is no ienkear sa’t it is,
it lei foar har net oars.