Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Sljochte rekreaasje

Lyrysk Deiboek

It joech gjin lúkse rekreaasje,
want it hûs wie noch fan hout,
dochs waard it yn korona-tiid
de wiken troch ferhierd,
mar hoe’t it mei de fentilaasje siet?

Deis wie der wol ferdivedaasje
bûtendoar, dêr’t soele wyn
de hûd noch wat ferkuolling joech
en oars it koele wiet,
mar hoe’t it yn de lette oeren siet?

De hjitte joech dan yrritaasje,
want it sitten liet it swit
al rinne, lizzend bleau men ek
net drûch, lykas soks giet
wannear’t korona noch in kânske biedt.

De kâns foar sljochte rekreaasje
mei in handoek en in kleed
joech kreativiteit… net gek! 

admin

Alternative floatskou

Lyrysk Deiboek

Se wiene har fan neat bewust
doe’t mem har kwêke út ’e dop,
de pykjes fan de lette lêch
ferstiene har, it wie in lust
hoe’t sy reagearren op ’e rop:

‘Kom op, it is de wike fan
hiel Snits, al sylt der ek gjin boat,
wy skarrelje ús kost wol op
by ’t plak fan Jan en alleman,
oan de steiger leit de hiele float.’

Dus swommen alle berntsjes mei
de mem de bûlevaar bylâns
as wie ’t de floatskou fan it jier,
dat Jan belibbe sa syn dei,
’t wie foar alleman in bûtenkâns.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum