Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Keunst fan it klopjen

Lyrysk Deiboek

Wa kloppet by it stedhûs oan
oars as om ’t ien of oar bewiis?
It hat te krijen mei identiteit
om te bewizen wa’t men is,
wat alles oer de mienskip seit.

Sy kloppet sittend op ’e doar,
gjin  kwestje fan in handicap,
mar sa te sjen fan har identiteit,
fol fjoer slacht sy net ien kear mis,
wat alles oer har keunstwurk seit.

Har klopjen is in hiele keunst,
slút by it iuwenâlde oan,
sy sit op it moderne ‘fjoer.nl’,
dy kombinaasje kloppet wis;
op slach leit sy de hammer del…

… as ’t keunstwurk nei har wêzen is.

admin

Plakferfangend liet

Lyrysk Deiboek

Rûnom is hy no beknotte,
rikte eigenwiis te heech
om twirren op te heinen,
wat him rûzjend sjonge liet…
mei syn stim foel net te spotten.

Hoe lang moat er no noch swije
foar’t it grien him sjonge lit
syn lieten mei refreinen?
Wit dat gloarje nea fergiet,
grif sil hy syn stim wer krije.

Op ien earm sit no de kobbe,
stânplak foar it fiere sicht;
oer dakken, strjitten, pleinen
kriest er arrogant syn liet:
‘Leaver ha ’k de grutte dobbe.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum