november 23, 2020
Se hâlde ôfstân fan elkoar,
de blauwe reager en de ree
fanwege grut ferskil fan aard,
mar ek om’t sy solistysk binne,
gjin leden fan in koar.
Sy draaie tagelyk de kop
en stimme dêryn wol wer mei,
nijsgjirrich nei wat boppe bart,
se harkje nei wat sy net kinne,
it protterliet klinkt op.
It koar sjongt fan in nije dei
foar elkenien dy’t sjonge kin,
’t ferskil giet no fan leech nei heech,
bas of sopraan, de ree en reager,
sy dogge solo mei.
november 16, 2020
It wie de moarn fan wolk en sinne
mei it skaad oer sleat en mais,
dat yn de hichte sketten wie,
al nei it rispjen ûnderweis.
De boer woe ’t maksimale winne,
liet sadwaande ’t mais noch stean,
wat neffens him ferstannich wie,
de kolven hiene tichte klean.
De krieën lieten har doe kenne
as ferstannich, by de tiid,
se wisten mei de kolf wol rie
en fleagen oan fan wiid en siid.
It like as it swarte kolven
wiene, mar se fleagen fuort
mei wat de boer te rispjen hie,
it mais wie wurden rôversguod.