december 7, 2020
It is foarby, it seil is strutsen
nei’t de skipper wie besmet
mei ’t firus fan it silen
yn simmerwaar en -wyn,
in dubieus rekord is brutsen.
Gjin twivel oer it ôfstân hâlden,
want Korona’s wil wie wet,
dus foar de wyn gjin file:
in wedstriid wie ferbean,
dat skippers waarden net ferkâlden.
Korona woe it leafst sels winne,
soarge foar in nij rekord:
in jier net wedstriid sile,
dêr foer er fûl op yn,
de skipper fielde him allinne.
november 30, 2020
It wie in moarntiid mei de dize
oer it fjild, wat joech de sfear
om minder skerp te sjen
en út en troch te rieden,
mar wie men dêrmei klear?
In keppel jout earst gjin betizing,
want it each sjocht it gehiel,
’t detail giet sa ferlern;
wat hat it ek te bieden
as mar in ûnderdiel?
Ynienen krijt it wat bysûnders
as in ko mear poaten telt
as fjouwer, sa te sjen;
in bern dat noch net skiede
kin, is wat de geast fertelt.