november 2, 2020
Wat is it favorite iten
fan de minske en it bist?
Sjoch fierder as de bûtenkant,
dan ljochtet op itselde:
beide fleis en bei, dat is ’t!
De slak krûpt net mei lege mage,
hat ferlet fan in goed miel,
al is er fan de merk gjin klant,
hy sil him op syn wize
melde mei syn eigen diel.
De iene slak kin fleis ferdrage,
want hy is in karnivoar,
kringt fierder as de bûtenkant
om ’t miel skjin op te sûgjen,
mar syn maat kiest dêr net foar.
Dy slak kin watfoar fleis ek… slite
oan in oar, as feganist
is hy fan beien fêste klant,
hy docht it op syn wize:
miljeubehâld, dat is ’t!
oktober 26, 2020
As jonkje slagge ’t al net bêst,
it spronkje boppe ’t meanfjild út,
it draven mei de oare bern
om ’t bêste plak oan mem har boarst…
sa wie er altyd lêst.
Hy hie ’t gefoel as siet er fêst,
wylst maten giene folút los,
syn loop wie net om oan te sjen,
hoewol’t syn mem sei dat er moast…
hy stie der altyd nêst.
Syn ôfskie makke hy net mei,
de oaren misten him ek net,
mei him gie ommers neat ferlern;
fêst siet er, mar net al te lang…
hy rekke samar wei.