november 16, 2020
It wie de moarn fan wolk en sinne
mei it skaad oer sleat en mais,
dat yn de hichte sketten wie,
al nei it rispjen ûnderweis.
De boer woe ’t maksimale winne,
liet sadwaande ’t mais noch stean,
wat neffens him ferstannich wie,
de kolven hiene tichte klean.
De krieën lieten har doe kenne
as ferstannich, by de tiid,
se wisten mei de kolf wol rie
en fleagen oan fan wiid en siid.
It like as it swarte kolven
wiene, mar se fleagen fuort
mei wat de boer te rispjen hie,
it mais wie wurden rôversguod.
november 9, 2020
Wannear’t de wolken mei de sinne boartsje
sûnder ek mar ien drip los te litten,
slacht it gea foar master op,
fertelt hoefier de paden rinne.
De master struit syn wiisheid oeral hinne,
wiisheid dy’t de wittenskip net mjitte
kin, natuerlik is de rop
fan master yn al syn ferhalen.
Ferhalen dêr’t syn learlingen nei tale,
want it minskdom hat it sitte litten,
sloech syn master foar de kop,
mar hjoed sil ’t oars, it moat dochs kinne…
Sjoch hoe’t de paden nei de fierte rinne,
dêr’t de takomst leit, it wolkom hjitten
bart al boartsjend sûnder stop
troch wolken, sinne, ek troch master.