Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Sânensantich

Lyrysk Deiboek

Syn langstme nei it iis is grut,
de lêste kear is jierren lyn
dat hy noch streken sette;
grutsk, foar ’t each parmantich,
liet er him op noaren sjen…
hy is no sânensantich.

Fan alle kanten wurdt him sein:
‘Hâld do dy dizze iistiid yn,
do moatst dy dêrta sette
om mei beide fuotten
op ’e grûn te bliuwen, want
mei iis falt net te spotten.’

No stiet er op ’e planken fan
de brêge, net op it toaniel,
wat hy fansels min sette
kin, ’t hat wat fan lizzen
op it iis, wat hy net wol…
hy hat neat mear te sizzen.

admin

Iiskâld raar

Lyrysk Deiboek

Wêr’t yn ’t ferline swommen waard
troch minsken, mar ek rotten,
dy’t beide sochten harren heil
yn itselde koele wetter,
hearsket hjoed it grize waar.

De rotten mei har eigen aard
fan hjir en dêr te migen,
ferspraten sa de kwaal fan Weil,
dat ien minske waard net better…
hearsket hjoed ek noch gefaar?

Wa sjocht it iis net as syn maat?
Al krijt men kâlde fuotten,
it nocht stiet op it heechste peil;
nettsjinsteande ûndjip wetter,
wurdt men dêrfan iiskâld raar.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum