december 31, 2020
It wie in dei dy’t bjusterbaarlik
oerkaam op ’e hiele wrâld
dy’t nei it universum seach:
de folken stoarren yn it gat
dat swart wie as de neare nacht…
de wittenskip spriek fan gefaarlik.
Twatûzentweintich mei ’t mystearje
fan it djipste swarte gat
en ek de grutste swiertekrêft,
it slokte alle siken op,
foar harren waard it neare nacht…
it leave libben waard matearje.
Lit ús it by de moanne hâlde
dy’t de nacht ferljochtet mei
de wjerskyn fan de sinne yn
it nije jier, dat yn him hat
’t ûnthjit fan elk nimt him yn acht,
dat op syn heechst wurdt men ferkâlden.
december 27, 2020
De tredde krystdei sloech alarm
fanwege folle mear as trije
gasten yn itselde hûs
dy’t har te barsten iten hiene…
op ’e tredde stie in swiere stoarm.
Yn ’t neare tsjuster dochs fan hûs
om sicht op folle mear te krijen
as allinnich wyn en rein,
mar inkeld keale tûken bearden…
op ’e tredde lei elk yn in rûs.
Gjin ingel song noch yn de nacht,
gjin plysje hold op ’t plein de wacht.
Noch fierder rinne wie ’t paroal
fan ’t stoarmalarm om mar te swijen
fan de stjitten mei krêft tsien;
mei ’t skerm wie ’t hâlden en ek kearen…
op ’e tredde streamde ’t nei ’t rioel.
Gjin hoeder hold by skiep de wacht,
gjin plysje joech op fjouwer acht.
De kâns kaam op ’e bûlevaar
om ’t minskdom folop te befrijen
fan de krystrûs troch in boei;
korona foel dêrby yn ’t wetter,
dat der kaam in ein oan it gefaar.