Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Kop derûnder

Lyrysk Deiboek

Gjin kwestje fan de kop noch
langer yn de fearren,
stek de kop der boppe-út,
mei rjochte hals it deiljocht sjen
en tagelyk it moarnsliet hearre.

Stek dan de kop derûnder,
ûnder wetter foar it
earste miel, it wetter rint
de snaffel út, krekt as by ’t bern,
mar net omdat it dêrfan koarret.

Fan ûnderen nei boppen,
snaffel ticht en iepen,
wa’t it langste folhâldt, wint
kondysje en in kostlik miel,
lit him dan mar de dei troch sliepe.

admin

Ald it nije jier yn

Lyrysk Deiboek

It is der net fan kommen,
’t fjoerwurk fan de Aldjiersnacht
hie neat ferlike mei de jierren
doe’t er folle jonger wie,
klapwjukjend seach er dat fan fierren.

Noch ien kear soks belibje,
hie syn winsk west foar de nacht
dat hy oant yn de geast ferklomme
en it lichem ek gjin rie
wist om wer by de tiid te kommen.

No stiet er foar de lêste
kear by ’t ljocht fan ’t âlde jier,
dat spegeljend noch hat te sizzen
wat him hjoed te wachtsjen stiet:
do komst no ienkear ek te lizzen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum