januari 25, 2021
Wat stiet ús noch te wachtsjen
as de himel swierder tilt
oan CO-2 as oan de strielen
fan de sinne, wat al jierren jildt.
Wy ha te lang al wachte,
omdat jild it antwurd hie:
de CO-2 hast net foar eagen,
mar matearje sjochst noch sa’t it wie:
In spikerhurde takomst
dy’t beslein wie mei it goud
dat blonk as hie it hege wearde,
oan it kapitaal wol tafertroud.
De beam hat no in antwurd:
jimme witte it net heal
hoe’t CO-2 de wrâld feroaret,
fan it griene blêd nei alles keal.
januari 18, 2021
Wêr sille dy twa hinne
no’t de sinne noch net riist
foar minsken yn de iere moarn?
Gjin boerd dat nei de takomst wiist:
‘Lit ús mar fierder rinne, soan.’
‘Mar heit, hoe soe it kinne
dat de himel no yn brân
stiet, wa stiek oan dat fjoer?’
‘Gjin minske hat dêryn de hân,
want oer dat fjoer giet de natoer.’
‘Lit ús mar fierder rinne,
heit, dan stelle wy de fraach
oan de natoer, dy kin it wol
fertelle, want wol heit net graach
it antwurd witte… ik hâld fol.’
‘Do silst de wierheid winne,
soan, troch beide: wittenskip
of ek mystearje, hâld mar fol;
in stjer is grutter as in stip,
de sinne mear as ljochte bol.’