juni 17, 2025
Gedicht fan Willem Tjerkstra junior
Tusken de Eufraat en de Tigris lei eartiids in paradys,
in paradys fol bisten en in loft sa prachtich blau.
Adam rûn der tuskentroch
en Eva seach de fûgels fleanen.
Doe kamen grize wolken oan de loft
en skaad foel oer de hûndert bisten,
dat Adam seach se net mear sitten
en Eva rekke alle hoop ek kwyt.
De bisten feroaren yn tanks,
de fûgels waarden fleanmasines.
De bern fan Adam en Eva krigen rúzje
en sa bruts de oarloch út.
mei 27, 2025
Lit ús oer ’t klimaat net swije,
stek de kop net yn de grûn,
wat mei de drûchte grif net slagget,
oeral is ’t alarm al jûn.
Drûchte lit it minskdom lije,
stof stoot twirjend yn it rûn
as miny-kûgels dy’t fermoardzje,
honger hat de oarloch wûn.
Lit ús dêrom protestearje
tsjin wa’t it klimaat ûntkent
fan skroeiend fjoer oer drûge ierde,
dy’t net langer dêroan went.
Boppe greiden alarmearje
wolken oer de grauwe trend
fan stikstof om yn stof te stikken,
alles is al lang bekend.
Mar fernim de earste drippen,
nei de drûchte komt de rein,
geweld sil net it doel berikke,
wa’t de macht hat wurdt ferslein.