september 1, 2022
fan Fidelio Ponce de Léon (Kubaan)*
Se kleurje net mei ’t felle read,
hoewol’t se har net skamje
foar it ideaal fan ’t heitelân:
in mienskip fan ‘elk is gelyk’,
de steat lit dat fjoer flamje.
In keunstner libbet mei it fjoer
dat him de ynspiraasje
jout om foar it eigen byld te gean:
yn wêzen binne bern gelyk,
net read lykas de naasje.
Hy bringt bern dizenich yn byld
sa’t sy foar him noch binne,
lykas keunstners mei in eigen geast,
dy’t ôfwykt fan it ‘grut gelyk’:
’t geheim dat bern noch kenne.
* Fidelio Ponce de Léon (1895-1949)
Skilderij ‘Bern’
augustus 25, 2022
fan Francisco de Goya*
Tusken him en har is noch in tou,
foar him ferbining mei in heks,
foar har is gjin ûntkommen oan
wat foar har leit, sy is al skieden
fan ’t bestean, har eks.
Sy bestie, dus wie se dêroan trou,
de man liet har allinnich stean,
sa kaam sy ek net oan in soan
dy’t mem seach as in skat op ierde
om foar har te gean.
Dat gjinien seach har mear as in frou
dy’t noch de muoite wurdich wie
om troch te gean oant oaremoarn…
wat hie har libben noch te bieden
as dat sy bestie?
* Francisco de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Terjochtstelling fan in heks’