september 29, 2022
fan George Grosz*
Lang libje sil de maatskippij
dy’t steunt op pylders fan de macht:
aristokraat, nasjonalist,
sosjale demokraat en pryster,
dus sljocht folk: ‘Jou acht!’
Sjoch him mei ’t bierglês yn de hân,
de holle fol mei kriichsgeweld,
dêrnjonken de nasjonalist
mei omkeard op ’e kop de pispot,
dus sljocht folk: ‘Macht telt!’
Sjedêr de wiere demokraat
mei ’t flachje foar syn flink pamflet
mei wurden opgeand yn de mist,
lykas de seine fan de pryster,
dus sljocht folk: ‘Te let!’
Hearst dêr al stampen de soldaat
en sjochst it lôgjen fan it fjoer
foar ’t sljochte folk dat oars net wist
as dat de machtigen ’t wol wisten,
foar harren is it oer.
* George Grosz (1893-1959)
Skilderij ‘De steunpylders fan de maatskippij’
september 22, 2022
fan Salvador Dalí*
De geast fan Lenin wjukket
seis kear om de fleugel hinne
wylst de Ynternasjonale klinkt,
de Sovjet-Uny riist nei boppen,
sjoch nei ’t toetseboerd, it blinkt.
De geast fan Stalin wjukket
fierder om de striid te winnen,
mar falsk klinkt de nasjonale toan,
de Sovjets hawwe hurde koppen…
wa wurdt Stalins wrede soan?
De geast fan Poetin wjukket
oer morele grinzen hinne
wylst raketten komme fluitsjend del,
noch mear soldaten wurde roppen
om te stjerren yn syn hel.
* Salvador Dalí (1904-1989)
Skilderij ‘Seis ferskiningen fan Lenin
op in fleugel’