november 10, 2022
fan Frans van Mieris*
Se hat it wurk krekt rêste litten:
it draaien oan it grutte tsjil
om út ’e wol de trie te spinnen,
se stribbet sa in deugdsum libben nei
en lit dat oan har beppesizzer witte:
‘It is no tiid foar ’t deistich brea,
it earste stik snij ik foar dy,
teminsten asto harke hast
nei heit en mem en ek de Hear,
doch no de hannen gear.’
Se hat har stânpunt nea ferlitten,
hoewol’t se meastal sitten hat
om út ’e wol de trie te spinnen,
se nimt it jonkje yn har stribjen mei,
hy moat de bea foar ’t miel net sjitte litte.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘It gebed foar it miel’
november 3, 2022
fan Hans Holbein*
fan Jan Mankes**
Hy lit foarearst syn falk net sjen,
sjocht sels fûl út ’e eagen
as de fûgel nei syn proai,
foar him is ’t bluodderige earnst:
de do wurdt út ’e loft wei reage.
De falk fielt oan wat frege wurdt,
hy is domestisearre
mei’ t kapke foar it each,
mar harket ek nei syn ynstinkt,
dus moat de proai úteinlik stjerre.
Hy lit folslein syn ûle sjen,
de eachopslach nei foaren,
wylst syn eigen eachopslach
is earnstich, justjes mankelyk,
nea is de iene krekt de oare.
* Hans Holbein (1497/1498-1543)
Skilderij ‘Portret fan Robert Cheseman’
** Jan Mankes (1889-1920)
Skilderij ‘Selsportret mei ûle’