oktober 13, 2022
fan Gwen John*
De werklikheid wie dizich,
kaam bedriigjend op har oer,
wêr’t sy gjin greep op hie,
oarsom, sy rekke yn de kloer
fan wat sy har ferbylde
yn ’t bestean dat tsjin har wie.
De útflecht lei foar ’t gripen:
’t leave boek dat har net tsjin-
mar oanspriek, elke die,
soms goed, faak min, hie sin,
omdat sy har ferbylde
dat dy net tsjin har yngie.
It boek wie har ta stipe
mei it tsjutten fan de wrâld
dy’t dizich wie, mar nei
it lêzen kriich sy hâld-
fêst, ek op har ferbylding…
’t klearre op ta ljochtskyndei.
* Gwen John (1876-1939)
Skilderij ‘It leavelingsboek’
oktober 6, 2022
fan David Bailly*
Hy is sa âld as op ’t portret,
de skilder doe’t er jonger wie
mei yn de hân de lange stôk,
doe koed er noch syn slaggen slaan,
mar no’t er âld is, slagget him dat net.
De skilder hat yn ’t libben leard
dat hy net baas is oer de tiid,
dy giet foar elkenien syn gong,
dêr kin gjin minske wat oan dwaan,
lit stean dat hy syn libbensjierren keart.
Dus byldet hy it libben út
mei ’t soadsje dat op tafel leit:
de pearelketting en ’t papier,
de deadskop om sa oan te jaan
dat op ’en doer elk minskelibben slút.
It is mei sizzen net te dwaan,
sadwaande brûkte hy ’t pinseel
om oan te jaan de idelheid
as men mei sier syn slaggen slaan
wol, want dan slacht it samar troch nei waan.
* David Bailly (1584-1657)
Skilderij ‘Vanitas mei portret fan de skilder’