november 17, 2022
fan Francisco José de Goya*
Hjir stean ik dan yn fol ornaat,
Francisco José de Goya,
mei yn de linker it palet,
de rjochter strykt mei it pinseel
de kleuren op it skilderij,
sa kom ik steande op ’t portret.
Myn eagen binne rap paraat
as bûten wat te rêden is
wat my rûch rekket yn it moed,
it drama komt dêrnei op doek,
sa kleurje ik de werklikheid,
dy’t sjen lit wat der floeit oan bloed.
It is net oars, ik kriich as maat
de bril, myn eagen waarden min
fan ’t sjen wat kaam op ’t selde del:
ellinde yn de maatskippij,
dy’t kleure mannich skilderij…
op ierde is it faak in hel.
* Francisco José de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Selsportret yn it atelier’
Skilderij ‘Selsportret’
november 10, 2022
fan Frans van Mieris*
Se hat it wurk krekt rêste litten:
it draaien oan it grutte tsjil
om út ’e wol de trie te spinnen,
se stribbet sa in deugdsum libben nei
en lit dat oan har beppesizzer witte:
‘It is no tiid foar ’t deistich brea,
it earste stik snij ik foar dy,
teminsten asto harke hast
nei heit en mem en ek de Hear,
doch no de hannen gear.’
Se hat har stânpunt nea ferlitten,
hoewol’t se meastal sitten hat
om út ’e wol de trie te spinnen,
se nimt it jonkje yn har stribjen mei,
hy moat de bea foar ’t miel net sjitte litte.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘It gebed foar it miel’