december 1, 2022
fan Thomas Moran*
Macbeth gie troch foar moedich generaal,
fersloech de Noaren en de Ieren,
kriich fan Duncan, foarst fan Skotlân, lof,
mar heksen sloegen út in oare taal:
‘Do komst wol op ’e Skotske troan,
mar silst dyn ûndergong belibje
sûnder holle, ôfslein fan de romp,
dus giest net troch foar kening mei in kroan.’
Macbeth gie troch it libben dûbelop:
as kening nei de moard op Duncan,
as wantrouwich om syn eigen lot,
want koste ’t him úteinlik net de kop?
Dus gie hy nei de trije heksen ta,
mismoedich om wat him te wachtsjen
stie, mar geasten joegen him wer moed,
hy soe foldwaande tiid fan libjen ha.
Dy tiid joech him de kâns foar wer in moard,
mar troch de tiid waard hy dwylsinnich,
rekke dûbelop syn holle kwyt,
gie troch de skiednis as fan ’t kweade soart.
* Thomas Moran (1837-1926)
Skilderij ‘Macbeth en de trije heksen’
november 24, 2022
fan Willem Cornelisz. Duyster*
Hy wie fan ryk, dus heech komôf
en fantasearre oer himsels
yn ’t leger, dêr’t syn heit de rang
berikt hie fan de heechste offisier,
fansels wie hy net bang.
Hy hie twa fearren op ’e hoed,
in teken fan syn hege stân,
om ’t liif in kleurige tunyk,
de brune learzens oant de knibbels ta,
sa wie hysels unyk.
De fraach wie hoe’t it fierder moast,
want wie hy no noch wol himsels
dy’t yn de heechste beammen klom
en boarte mei syn maten as soldaat…
de fraach fûn hy mar stom.
* Willem Cornelisz. Duyster (1599-1635)
Skilderij ‘Jonge offisier’