april 6, 2023
fan Adriaen Brouwer*
Men stikte doe net yn it stof
fan trekkers op it plattelân
en yn de hichte fleanmasines
dy’t it koalsoergas útstjitten,
boeren songen noch Gods lof.
Mar nei de lof gie ’t nei de kroech,
ûntspanning lei wol foar de hân
mei stof genôch om oer te praten,
drank om ryklik yn it nimmen,
kaarte wat wer spanning joech.
Ferrek om myn part, stik, fersûp
yn eigen miich, ik ha it hân
mei dy, falsk spylje, ek noch lige,
dêrom sil ’k dy stikke litte
yn it stof, op knibbels… krûp!
Sjoch, boargers, hoe’t it eartiids gie
mei boeren yn beweging, stân
hold doe gjin boer dy’t foar ûntspanning
gie de kroech yn, dêr útstjitten
waard en daliks bûten stie.
* Adriaen Brouwer (sirka 1605-1638)
Skilderij ‘Ynterieur mei fjochtsjende boeren’
maart 23, 2023
fan Pearl Perlmuter*
Hoefolle ûnderdielen
stekke yn de striid
mei kop en skouders
boppe boargers út?
It giet net mear om dielen,
mar om gripen, tiid
om ta te stekken,
boargers binne bút.
Fan stiel wurdt hurd it fielen,
boarjend wiid en siid
troch alles hinne,
boargers bliede út.
Fan ienheid nei ferdiele,
stikken nei de striid,
sakjend yn de grêven…
dea as einbeslút?
* Pearl Perlmuter (1915-2008)
Byld ‘Gefjocht’