Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Flecht nei Egypte

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De ingels koene noch sa sjonge
en de hoeders drave nei de stâl,
dêrnei de wizen mei har ponge
fol, it meitsje fierste mâl,
dêr geane se yn ’t hout fan iken
út ‘e stâl wei op ‘e flecht,
omdat Herodus ’t min ta like
om te wiken foar wat like echt.

Image

Do Jozef sjoust de tas mei doeken
oan in stôk, foar dy net al te swier,
dyn partner moat der aanst ien brûke:
Jezus is in bern wiswier.

Marije, do befielst de doeken,
dweiltrochwiet, en draachst it bern oan ’t hert,
dyn swierte wurdt beskreaun yn boeken,
mar wat komt, dat witst noch net.

Do ezel stapst oer ’t ûnigale
gea, fan bertestêd nei deadelân,
en draachst it dûbel yn ferhalen,
hast noch mar de helte hân.

Image

Dêr stiesto, ezel, no noch sûnder
swierte, mar sjedêr Jeruzalem!
Dyn rêch draacht sa it keningswûnder,
balt hosanna no foar Him!
Want moarn dan riist it hout fan iken
op it ûnigale gea
en hinget tusken liken
’t lyk fan Him, want Hy is dea…

Image**

* Dit byldsje is in ûnderdiel fan it middenpaniel
fan in alter.
It wie earst beskildere, mar yn de njoggentjinde ieu
ha se de kleur fan it ikehout wer foar it ljocht helle.
It byldsje is makke yn it begjin fan de sechtjinde ieu
troch in Hollânske keunstner.

** Dit is in detail fan in skeind krúsbyld
mei de namme ‘Corpus Christi’ út sirka 1525,
makke troch in ûnbekende keunstner.

admin

De hillige Kristoforus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jeroen Bosch*

Image

Kristoforus, der wurdt fan dy sein
datst tsjinner wiest fan foarst en duvel,
sis wat hiesto sa al by de ein,
dyn achtergrûn is wol wat nuver.

In skip dat sinkt yn de rivier,
in fisk dy’t oer de weagen fljocht,
in jager mei in deade bear,
in muonts dy’t yn it wetter sjocht,
in tûkekanne mei ien ear:
de helske wrâld fan mins en dier.

Image

Yn dy helske wrâld draachsto it Bern
út Betlehem nei witwêrhinne
op ‘e rêch, it is dy oan te sjen:
de swierte is foar dy allinne.

Sa draachst de hiele ierde mei
troch ’t wetter fan de deadsrivier,
de fisk as teken oan de stok
fan berte nei in stjerrend wier
foar ’t minsdom, dat in wankend lok
ferljochtet ’t einpunt fan de wei.

Sjoch de ezel dy’t dêr sykjend stiet
mei op ‘e achtergrûn it lieden
fan de klok, want Kristoforus biedt
opnij syn rêch oan foar de ierde.

Image

* Jeroen Bosch libbe fan sirka 1453 oant 1516.
Hy krige de earste lessen fan syn heit,
dy’t as skilder en glesker belutsen wie
by de bou fan de Sint Jan fan Den Bosch.
Jeroen Bosch is bekend wurden as de skilder
fan it absurde: de minsklike dwaasheid
en de duvelske ferskrikkings.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum