mei 11, 2023
fan David Rijckaert*
In plasse, keal as loaide hûden,
dêr’t er skuon fan meitsje moat
om troch de tiid te kommen
op fuotten dy’t net rap mear gean,
hy rekket somtiids yn de slomme.
Syn frou, dy’t rap is mei de hannen,
klost de hiele dei troch kant
om kleanspul te fersieren,
sy kin op eigen fuotten stean
en him wer nei syn skuonspul fiere.
Hoewol’t de learling noch wol leare
moat, nimt hy út hannen wat
syn master net bestekke
kin, mar fertsjinnet hy it lean
fan finten mei te grutte bekken?
Sy hawwe wille ûnder ’t sûpen,
stean net stevich yn de skuon
en kinne net mear komme
op fuotten om nei hûs te gean,
har kin it skuonspul ek neat bomme.
* David Rijckaert (1612-1661)
Skilderij ‘Wurkpleats fan de skuonmakker’
mei 4, 2023
fan August Allebé*
Hy stiet as wie hysels in byld,
alhiel beset troch djippe tinzen,
mar wêroer, dat wit gjin mins,
hy sil se net útsprekke…
om him hinne leit in grins.
Al jierren hat er om in freon
socht, koe dy bûtendoar net fine,
want hy is te stoffich as suppoast,
moat dus in byld oansprekke:
‘Aristoteles mei Joast.’
Mei him hat Joast in stil petear,
wylst Aristoteles yn tinzen
is oer wat de minske driuwt,
hy wit him oan te sprekken
as in âlde freon dy’t bliuwt.
* August Allebé (1838-1927)
Skilderij ‘In âlde freon’