Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Neat te gek

Keunst

fan Nicolaes Berchem*

De lytse Zeus is rêden
út heit Chronus’ grutte bek,
dy’t al syn bern opfrette woe,
sa’t goaden altyd roppich binne
nei wat it minskdom biede kin…
foar in god is neat te gek.

Mem Rhea hat him rêden,
op berch Ida kriich er plak
by Adrastea, dochter fan
de kening, fiedend om him hinne
mei molke fan de golle geit,
sa kaam Zeus oan syn gerak.

In faun koe him goed rêde
mei it melken fan de geit,
foar Zeus it foarbyld fan de man
en goaden dy’t fan alles kinne,
sa waard hysels de heechste god,
fan mannichien ek heit.

* Nicolaes Berchem (1620-1683)
Skilderij ‘De opfieding fan Zeus’


admin

Otto Hahn

Keunst

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Binne prizen de garânsje
foar in lokkich libben oant de ein
ta, dat men rêstich stjerre kin?
It lok spjalt útinoar,
men wurdt úteinlik slein.

Otto Hahn hat mei guon oaren
spjalt de kearn fan in uranium
atoom… hy liet de takomst sjen:
it lok spjalt útinoar,
de wrâld giet sa ferlern.

Hiroshima, Nagasaki
lieten oan de wrâld de takomst sjen
fan wat in bom útfiere kin:
it lok spjalt útinoar,
men docht dêrfoar de kar.

Otto Hahn kriich gjin garânsje
mei syn prizen foar in âlde dei
dy’t lokkich foar ’t gefoel ferrûn,
de spjalt rûn troch ’t bestean,
wat oan it lijen lei.

* Foto ‘Otto Hahn’
** Foto ‘Atoombom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum