Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Leafdesfertriet

Keunst

fan Frans van Mieris*

Mei de linkerhân op ’t boarst,
ticht ûnder ’t klopjend hert,
de rjochter hingjend foar de dokter
wachtet sy op wat hy sizze sil
mei ’t each op har ferlet.

Mei de finger skean omheech,
har pols fêst mei de hân
dy’t brûkt wurdt troch in tinkend dokter,
sjit de diagnoaze troch syn brein…
wat lijen hat sy hân?

Sichtber wie it yn har bloed,
dat heind waard yn de skaal,
hy seach it ek yn de urine
yn de flesse, beide ha him sein,
it wie in leaf ferhaal.

Leafde spriek út bloed en pis,
mar fûler út it hert
dat foar in kreaze jongfeint kloppe,
mar syn hert bleau foar har langstme stil,
hie fierder gjin ferlet.

* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Doktersbesite’

admin

Alternatyf kritearium

Keunst

fan Marc Chagall*

Sy gie net troch foar kreaste
yn it doarp, want dat wie Mad,
sa fûnen earst de measte manlju,
mar gjinien wist fan ’t kritearium…
der wie noch net it heechste bard.

Ynienen klonken stjitten
fan de hoarn en hantsjeklap,
in oprop foar de measte froulju
mei gefoel foar it kritearium
dat fierwei útgie boppe knap.

Sy wie troch ’t hiele doarp gien
as in faam fan stean bern by
dy’t nea de priis fan kreaste winne,
net foldogge oan kritearia
dy’t geane oan de geast foarby.

Sy riisde nei de hichte
mei it bern út eigen geast,
sa gie sy troch foar doarpsmadonna.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De doarpsmadonna’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum