Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Godlike metroboar

Keunst

fan Aleksandr Nikolaevitsj Samochvalov*

Har stal is lykas in goadinne,
heger as it blauwe swurk:
Athena lûkt har eigen spoar,
beskermster fan de hantwurkslju
dy’t feardich binne yn it wurk,
sy docht it mei de metroboar.

Sy lit har sakje yn de djipte
ta de ear fan ’t heitelân,
want dêr is sy goadinne foar
yn ’t Sovjet-ryk fan hantwurkslju,
dêr’t neat giet boppe foet en hân
mei as symboal de metroboar.

Nei ’t wurk begjint de eigen djipte
op te spyljen mei ’t gefoel
dat rjochte is op god ‘de oar’:
tegearre fiere sy de lust
mei mear as tolve bern as doel,
dêrfoar is goed syn metroboar.

* Aleksandr Nikolaevitsj Samochvalov (1894-1971)
Skilderij ‘Metro-arbeidster mei boar’

admin

Dramatyske konfrontaasje

Keunst

fan Melchior d’Hondecoeter*

In kalm bestean wie harren diel:
deis bûten, pikkend fan de grûn
wat foar de koarte snaffel kaam
en nachts fertroud yn ’t hinnehok…
gjin sprake fan in hin as miel.

De see joech harren in bestean,
wat yn de namme boppekaam,
mar fierder fleagen sy as earn;
it gie oer dunen hinne nei
it lân om foar har miel te gean.

Doe fûn de konfrontaasje plak,
in drama foar it hinneskaai,
’t foarkomme koe gjin hoannekaam
en likemin it hinnehok…
de earnen krigen har gerak.

* Melchior d’Hondecoeter (1636-1695)
Skilderij ‘See-earnen falle hinnen oan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum