september 7, 2023
fan Max Beckmann*
De beammen bûge net foar neat,
want komme driigjend op har ôf
dy’t driigje har te kappen,
sy ha kapt al maat nei maat
foar wurkers yn de bou.
Sy witte oer it kappen neat,
ha spikers om yn ’t hout te slaan
om ûnderdak te bringen
folk dat libbet nei syn aard,
sy ha in stedske baan.
Sa bliuwt yn ’t wâld hast neat mear oer,
soer wurdt it stof yn it petear
oer hoe ferrint de azem
fan it libben yn ’t klimaat,
dat is mei ’t minskdom klear.
It is de beammen no wol oer,
sy sparren stof sadat de koal
en geit ek sparre waarden,
lykas ’t minskdom nei syn aard…
it spile lang foar boal.
* Max Beckmanmn (1884-1950)
Skilderij ‘Lânskip mei houtsnijers’
augustus 31, 2023
fan Francisco de Goya*
Sy sitte altyd op itselde plak
mei ’t achterwurk op hurde stien,
hurd as de hiele maatskippij,
as wiene der gjin maten,
fielend op har sêft gemak.
Hy fielt ek wat en wol syn slach wol slaan,
hat soks al yn gjin dagen dien,
wat leit him oan de maatskippij,
dêr’t hy neat oan fertsjinnet,
want dy jout gjin goede baan.
Sy hat wol wurk, in baan fan man nei man,
is efkes hjit, oars kâld as stien,
lykas de hiele maatskippij,
hat inkeld baat by maten
mei in ponge… mear dêrfan.
Sy sitte altyd op itselde plak
en wize op wat is te lien
in oerke, dan is it foarby
en hat sy it fertsjinne
nei’t hy krige syn gerak.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Fan itselde slach’
Print 5 út ’e searje ‘Los Caprichos’