fan Pieter Jansz. Saenredam*
Sint Bavo, heech de bôgen en pilaren,
hol de lûden fan de bolderpreek,
it droanend liet op hiele noaten
wâlet oer de earder wijde reek,
ferballe is it fynbesnare.
De swarte hearen kinne ’t paad wol fine,
wyt is inkeld harren ploaide kraach,
it praten giet op hiele noaten,
want sy binne út it fine laach
en litte harren frommens skine.
Mar mem bliuwt mei har leave berntsjes sitten,
’t skeamel miel komt út ‘e reiden koer,
sy sjongt noch altyd foar Marije,
foar de kalvinist in heale hoer,
mar lang al hillich by har witten.
It Bavo-hûntsje woe it nochris weagje,
sit ûnwennich op ‘e kâlde flier,
mar weaget net om hjoed te blaffen,
want de romte eaget sûnder sier
en finen kinne poatich reagje.
* Pieter Jansz. Saenredam (1597-1665)
reizge faak troch Nederlân om sketsen
te meitsjen fan tsjerke-ynterieurs,
dy’t er yn syn atelier útwurke. |