augustus 2, 2023
fan Barent Fabritius
Hy hinget mei de snút
deunby de tegelflier,
de rêch rêst op in ljedder,
it libben is derút.
Sy wiene dêr ek by
en seagen ’t slachtsjen oan
as wie it neat bysûnders,
foar harren wie ’t net nij.
Folwoeksen wie it bern,
sa waard it doe besjoen,
alhiel net as in wûnder,
men moast him net ûntsjen.
Snotbongels wiene ’t wol,
dy’t bargen ûnder ’t miel
en boarten mei de bongel,
dêr rekken se fan fol.
* Barent Fabritius (1624-1673)
Skilderij ‘Slachte baarch’
juli 27, 2023
fan Aleksandr Nikolaevitsj Samochvalov*
Har stal is lykas in goadinne,
heger as it blauwe swurk:
Athena lûkt har eigen spoar,
beskermster fan de hantwurkslju
dy’t feardich binne yn it wurk,
sy docht it mei de metroboar.
Sy lit har sakje yn de djipte
ta de ear fan ’t heitelân,
want dêr is sy goadinne foar
yn ’t Sovjet-ryk fan hantwurkslju,
dêr’t neat giet boppe foet en hân
mei as symboal de metroboar.
Nei ’t wurk begjint de eigen djipte
op te spyljen mei ’t gefoel
dat rjochte is op god ‘de oar’:
tegearre fiere sy de lust
mei mear as tolve bern as doel,
dêrfoar is goed syn metroboar.
* Aleksandr Nikolaevitsj Samochvalov (1894-1971)
Skilderij ‘Metro-arbeidster mei boar’