Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Fjochtsjende offisier

Keunst

fan Frans van Mieris de Oude*

Hy wie net rekke troch it swurd,
mar joech wol oaren it befel
om krêftich oan te fallen,
dat de fijân waard ferslein…
dêrnei hie hy it heechste wurd.

Hy dronk syn glês wol twa kear leech
en focht ek foar de twadde kear
om net yn sliep te fallen,
wol hie hy syn wierheid sein,
it siet as offisier him heech.

Net dat hy kâns hie op ’e dea,
hoewol’t dy him de eare joech
om foar syn lân te fallen;
út ’e fierte waard wat sein,
mar doe befoelen him de lea.

* Frans van Mieris de Oude (1635-1681)
Skilderij ‘Sliepende offisier’

admin

Wolnee, it is net oars

Keunst

fan Caspar Netscher*

Jawis, hoe soe it oars,
de kaam moat troch de krollen,
lit it boartersguod mar lizze,
de kat rêdt him dêrmei…
it bern jout wol om sizzen.

Wolnee, sy tinkt net oars
as om har eigen berntsjes,
beide mei de langste krollen,
sy rêdt har dêr wol mei…
wêrom soe sy oars wolle?

Jawis, sy hat oars wol
heard fan de bern op strjitte,
fierderop ferwûne lizze
of slim genôch foar dea…
wat moat sy dêrfan sizze?

Wolnee, it is net oars,
men kin net alles witte,
soe it leafst foar bern oars wolle,
want deadzje wol men net…
wa krijt soks yn de holle?

* Caspar Netscher (1639-1684)
Skilderij ‘Memmesoarch’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum