december 14, 2023
fan Jan Steen*
It barde tusken Sinteklaas
en Jezus-yn-de-stâl spontaan:
de ynstruminten kamen samar
foar it ljocht en beppe socht
har sjongboek op, wylst pake
skonk himsels in wyntsje yn:
‘Makkers, staakt uw wild geraas!’
De fluit klonk en de doedelsek
begûn syn deuntsje ek te jaan,
wylst beppe hege toanen kraaide,
foel de mem mei ’t berntsje yn
en proaste pake op it
krystbern, blafte ek de hûn:
‘Wellekome op ons plek!’
Doe’t pake ’t lêste slokje naam,
brocht de fioele him yn ’t sin,
hy moast ek achtslaan op ’e snaren,
foar it krystbern en bernsbern
begûn er jankend op te
spyljen: ‘Op is alle wyn,
nu zijn wij hier blij tesaam!’
* Jan Steen (1626-1679)
Skilderij ‘De fleurige húshâlding’
december 7, 2023
fan Francisco de Goya*
Gjin riem koe hy hjoed fine,
dat it slagge him net mear
om syn broek goed op te hâlden,
mei syn hannen kaam it ek net klear.
Gjin doekjes koe hy wine
om de hannen en de kop,
boppedat wie hy ferkâlden,
as in snotnoas seach er by elk op.
It boarst joech him ek pine,
want it hert wie faak fan slach,
dat wie net om fol te hâlden…
bliuw de hiele dei troch dan mar wach.
Hy woe him net mear bine
oan de sitting fan syn stoel,
wêrom soe hy dy noch hâlde?
Sa’t er hjir noch libbe, hie gjin doel.
Foar him wie hjoed ferline,
dat syn takomst hold net oer,
alles bleau dochs by it âlde,
dat er opgean liet yn lôgjend fjoer.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Hy stekt syn hûs yn de brân’
Print 18 út ’e searje ‘Los Caprichos’