januari 6, 2024
fan Geo Poggenbeek*
Lit ús by heech en leech
it spylje hjoed de dei heechop,
it kin gjin útstel lije…
wa’t der oars oer tinkt,
flean op!
Sjedêr it wiete gea
fan eartiids, oardel iuw al lyn,
heech wetter koe doe lije,
elk wist wis: it is
mar skyn…
… dat floed it altyd wint
en eb de slach foargoed ferliest,
de kij gjin fretten krije…
ryd de wrâld út as
it friest.
Stiet hjoed de dei de wrâld
wol stil by bearen op ’e poal
dy’t ûnder wetter lije?
Oars wurdt elk foar har
de boal…
… dy’t net by heech en leech
it heechop spilet foar de wrâld,
men kin net langer swije:
it klimaat lit ús
net kâld.
* Skilderij ‘Polderlânskip’
januari 4, 2024
fan Tobias Baanders*
Kening Winter op ’e lêste dei
fan de lêste moanne fan it jier
hat fan ’e moarn twa bearzen fongen
op ’e Sânemar by Earnewâld,
hy naam se foar prins Ulekrite mei.
Mar prins Ulekrite kriet op slach
dat de fangst wie hjoed der fier by troch,
want ein desimber moast it sjonge
fan de redens op ’e Sânemar,
op iisnocht wiene alve stêden wach.
Kening Winter fûn dat flauwe kul,
hy hie neat mear mei in kâld klimaat,
want kjeld sloech him fûl op ’e longen,
mar prins Ulekrite liet gjin kar:
in tou bûn hy heit-kening om de mul.
Slepend fierde hy foarst Winter mei
oer de waarme grins fan âld nei nij,
dêr’t hy de âlde tiid ferjonge,
lok en seine makken ’t gea iiskâld,
sadat de wiisheid ried nei nijjiersdei.
* Tobias Baanders (1946-…)
Skilderij fan 2009