Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Rije rite

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emile Claus*
fan Evariste Carpentier**

Image

De loft is swier fan neijierskjeld,
dy’t krûpt troch klean en stive lea
wannear’t dy rjochtsje foar in amerij
nei ’t bitelûken út it hurde fjild:
‘Marije, harkje nei ús bea,
dat jûn de kroechbaas hâldt him rij,
twa slokjes foar in karre biten.’

En is de lêste byt fan ’t fjild,
dan is de loop nei Sjef syn kroech,
wat waarmte langer as in amerij,
net dat de bûsen skuorre fan it jild,
mar nei it wurk is ’t kielsgat droech
en Sjef syn eagen steane rij,
men rispet yn in golle rite.

Wat no, twa frjemden oer de flier,
grif út ‘e stêd, dat rûkt men sa,
de rook fan út mei Jan en alleman,
allinnich rispje romers mei fertier,
dêr giet it daliks ek op ta…
baas Sjef, wat seisto hjir no fan…
twa glêzen tee, o leave Tite!

Image

* Emile Claus (1849-1924),
in Belgyske keunstner, skildere
op in doek fan 320 x 480 sm.
‘De biterispinge’.

* Evariste Carpentier (1845-1922)
wie in Belgyske skilder
dy’t foaral bekend waard
mei syn lanlike tafrielen.

admin

Ald patroan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Philipp Otto Runge*
fan Sir Joshua Reynolds**

Image

De wrâld fan sinneblom en karre
loek de trije glimkjend oan,
foarsichtich by it stekje lâns,
yn kreaze klean, deselde toan
as heit en mem, mei hannel sparre.

De lytse dikke is it sintsje,
grypt nei ’t blêd, noch ûnbewust
fan wat it libben biedt oan kâns;
de griene krobbe ropt: ‘Wat must,
kom op mei trije pipermintsjes!’

De âldste yn de kreaze jûpe,
memmekar, ek har patroan,
hâldt broer en suske yn balâns;
se sjocht it spul mei wifel oan,
want út ‘e karre klinkt: ‘Ik poepe!’

Op ôfstân skôget hy it barren
mei de hân heech oan de stok,
yn steatlik brún, gjin bûnte Hâns,
in spul fan karre mei in bok,
hy is yn ’t adeldom bedarre.

Image

* Philipp Otto Runge (1777-1810)
wie ien fan de wichtichste skilders
fan de Dútske Romantyk.
Skilderij ‘De bern fan Hülsenbeck’

** Sir Joshua Reynolds (1723-1792)
hie grutte ynfloed op ‘e Ingelske
skilderkeunst.
Skilderij ‘Jonge yn it brún’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum