Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De ljedder

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

Image

It woe net, alles wie te wiet,
sa moast er it net ha
mei mar en wolken,
’t like dat de ferve glied,
dat slingerje mar ta.

It jongste wie derôf, mar âld?
’t Woe net mear streekje
hjoed, want bûten wie it kâld.

Hy moast derút, it sniedún op,
en fierder noch, omheech,
mar nei de wolken?
Ynspiraasje, gleone kop,
as skilder wied er steech.

Sa rûn de ljedder nei it dak
en mei wat streken
kriich de keunstner syn gerak.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘Wolken boppe de mar’
Skilderij ‘Kalela yn de winter’
Yn dit hûs yn de wyldernis
hie de skilder syn atelier.

< Foarige Oare >
admin

Boer en boarger

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan Hans Bol**

De kjeld driuwt boeren nei it iis,
wylst boargers streekje om de priis.

Image

De winterloft drukt klinten del
en lit de dakken kreakje,
troch de gatten beart de wyn,
gjin skoarstien wol mear rikje
yn it hurdstee sûnder fjoer;
bliuw dan der mar ris yn…
‘It bloed moat streame,’ seit de boer.

Hy driuwt syn kroas de dwersfeart op
mei iis oant op ‘e boaiem,
skoot de redens harren ta:
‘Byn ûnder, want dan ha jim
yn de bealch it eigen fjoer,
sa moatte wy it ha
mei streamend bloed nei poat en kloer.’

Image

De stad verrijst en zint het wel
dat vorst het ijs laat kraken
bij het draaien van de wind,
de roep klinkt van de daken:
‘Kom massaal, neem mee je buur,
het is het ijs dat bindt,
schaats los je lijf, een warme kuur.’

* Skilderij ‘Winterlânskip'(1646)

** Schilderij ‘IJsvermaak bij Amsterdam’ (1589)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum