Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Bûn

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacques-Laurent Agasse*
fan Edwin Landseer**

Wêr leit de romte foar it bist
dat dravend troch de fjilden giet?
De jachthûn stekt de earen op en stiet,
want troch syn harsens klinkt: ‘Dêr is ’t!’

Image

Hy draait him om en hat wer gong,
komt mei de tonge út ‘e bek
by ’t spul en hâldt him yn, want net te gek,
it wachtsjen is no op ‘e sprong.

Syn blanke maat jout it wol oan,
dressuer stiet altyd op ’t program,
ferplichte foar de jacht en ek syn stam,
sa wol de frouwe op ‘e troan.

Dan hy yn ’t hege Skotse lân,
dêr leit de romte foar swart-wyt,
klear foar de frijheidssprong sa’t hy dêr stiet,
mar om syn hals sit noch de bân.

Image

* Jacques-Laurant Agasse (1767-1849)
wie in master yn it werjaan fan de bân
tusken ruter en hurddraver.

** Edwin Landseer (1801-1873)
eksposearre al yn de Royal Academy
fan Londen doe’t er sechtjin wie. 

admin

Pearellok

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Sy is de dei troch binnen,
skreppend foar har man en bern
dat dy nei bûten kinne.

Image

Mar net de pearelfroulju
foar de spegel yn it himd,
noch foar de kar út trije jurken
mei it sicht op hoaske manlju;
sy sjogge hoe’t har keatting glimt,
de pearels sille foar har wurkje.

Sy wurket mei har pearels,
weacht de wearde hjoed wer ôf
om ’t libbenslok yn goud te hifkjen,
wylst yn ’t neaken frjemde kearels
troch Kristus hifke wurde, flau
kringt troch ’t ferskil, sy sjocht en wifket.

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
Details út ferskillende skilderijen
Skilderij ‘Frou mei skealjes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum