november 11, 2016
fan Arthur Craco* fan Anto Carte**
Hy wie in held, gie rjocht troch see, in ridder mei in eachopslach dy’t yn de oar syn iris boarre, oer it hier in helm fan brûns, beskerme tsjin in fûle slach en jûns mei ’t ealfolk oan de dûns: de byldnis fan in orchidee. Fan eagen is dan gjin ferlet, Sy dogge ’t inkeld op ’t gehoar: * Arthur Craco (1869-1955) ** Anto Carte (1886-1954) |
november 11, 2016
fan Jacobus Sibrandi Mancadan*
Yn ’t lânskip stiet de peal wer keal nei tsien minuten mei de koer deryn, it pypskoft is no oer, it feangea ropt, mar eaget feal, se steane sa wer yn de klyn, want turf jout har it deistich foer. De bulten wachtsje op ferfier It feanfolk hat de loft as dak * Jacobus Sibrandi Mancadan (1602-1680) |