Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

As de yp

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ferdinand Georg Waldmüller*

Image

’t Wie snein en dus tink om de sabbatdei,
hawar, ’t is tastien om te rinnen,
want God hat beide skonken jûn,
jim binne net oan ’t hússtee bûn
en beien plôkje, wis, dat mei
as boer en syn boerinne.

Se wiene by de âlde yp lânsrûn
en hiene lang syn wûnen skôge,
de stam troch wyn en bliksem bryk,
de boer tocht oan syn rimmetyk,
syn frou oan sûnens yn de jûn
fan ’t libben, sa foltôge.

Dy sneintejûn fernaam er dat de gryp
him griep, hy hie ’t te pakken krigen,
hoewol’t er tocht hie om de snein,
sy tocht noch inkeld oan de ein
en bea: ‘O Hear, net as dy yp,
ik sil der net om lige.’

* Ferdinand Georg Waldmüller (1793-1865)
wie in Eastenrykske skilder
dy’t yn in realistyske styl
lânskippen skildere.

admin

Sjit ta, ferjamme!

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Vasnetsov*

Image

De driging hat der altyd west:
sân koppen, fjirtjin tongen,
fan de oarloch oant de pest,
dy’t boppe bleate hollen hongen.

De strider hat der altyd west
mei pânser, swurd en grime,
hold oan ’t faaie libben fêst,
syn moed en swurd ha sân kear flime.

Ut noard en east en súd en west
bedriigje tûzen koppen
’t libben, rinnend op it lêst
sa’t liket, troch gjinien te stopjen.

Wêr binne lieders yn de striid
mei ’t skot fan ynspiraasje?
Koppen falle mei de tiid
en ’t faaie libben kriget faasje.

As wie it inkeld mar foar har
dy’t stiet foar tûzen fammen
mei in libben yn de war…
sjit ta mei striid en siel, ferjamme!

Image

* Viktor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Dobrynja Nikititsjs striid
mei de sânkoppige draak’
Skilderij ‘Aljonoesjka’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum