Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Libbensfazen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Caspar David Friedrich*

Image

Uneinich is de ivichheid,
de see rint oer de kym,
gjin skip dy’t dêr de steven draait,
it wurdt úteinliks ta in skym.

Sy boartsje tusken lân en see
en stappe yn de boat
mei spriet, foar earste twirkes ree,
mar mem ropt: ‘Fiere no dy skoat!’

It jeugdich each sjocht yn it grut,
it túch oan hege mêst,
it skip sylt oan de wyn, fart hurd
en heit ropt: ‘Oan dy skoat, ’t giet bêst!’

It skip, al healwei nei de ein,
kin noch wol stoarmen oan,
mar út it seil mist al in blein
en twa kear wie it miel bedoarn.

Wat kalmer wurdt it fierderop
mei ’t skip noch as in skym
en stadich sakket wei de top,
dan is allinnich noch de kym.

* Caspar David Friedrich (1774-1840)
wie de liedsman fan de Dútske Romantyk.
Hy skildere ‘De libbensfazen’ seis jier
foar syn dea.

admin

Yn ’t swart

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Counhaye*
fan Anne-Pierre de Kat**

Image

Sy wennen tusken keale muorren,
libben om de lea mei ’t swart
en yn de geast de grime,
hiene noch net út it swarte doard,
hoewol’t de hannen harren flimen.

De diktatuer hie lang al duorre,
Franco, hearsker mei geweld,
wat op it reade rime,
hie allinnich syn soldaten teld,
de froulju waarden swarte skimen.

Dan sy, de frou mei ljochte holle,
wie oarsom, hoewol yn ’t swart,
in roas dy’t folút bloeide
foar soldaten yn de striid tekoart
fergoede, neat wie har tefolle.

Image

* Charles Counhaye (1884-1972)
paste it donkere ekspresjonisme oan
oan syn eigen wrâldfisy, it kommunisme.

** Anne-Pierre de Kat (1881-1968)
skildere yn de Earste Wrâldoarloch
as frijwilliger yn it Belgyske leger
oan de rivier de IJzer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum