Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ear foar it libben

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Hy besocht dernei te libjen
wat de kears ferljochte hie,
it Wurd dat him wat die:
it ear de kant út fan de oar,
it wurd as treast, de hân as help,
it byld wie tagelyk syn stribjen.

Under ’t Wurd ‘La joie de vivre’,
’t libben dat ek freugde bringt:
it wurd as liet, de hân dy’t skinkt
de flesse leech, de romer fol
fan lit ús drinke mei elkoar,
de ien wol graach de oar gerive.

Oer it eargat sit de lape,
harkje slagget amper mear
nei ’t fykjen yn syn ear,
wat naam ‘la joie de vivre’ mei
nei oaren, drinkend mei elkoar
en wa’t allinnich bleau, wie stapel.

Image

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Stillibben mei Bibel’
Skilderij ‘Selsportret mei ferbûn ear’

admin

Syn lawine

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Wat is de minske op in skeante?
Hy klimt rap heger nei de top,
omdat dy ûnderoan op ’t godsryk like,
flugger giet syn herteklop
en boppe hapt er nei de siken.

Hy hat de holle yn de wolken,
belibbet dêr syn winsk en wil,
de wegen dy’t him fierden nei de hichte,
syn triomf is no noch stil,
mar rûzet daliks nei de lichte.

Noch ien kear strûst er yn ekstaze
de skeante ôf, wylst klinkt syn rop
om binnenyn de spanning ôf te winen,
mar dan hâldt it klopjen op,
want oer him rôlet syn lawine.

Image

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Fal fan in lawine yn Graubünden’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum