Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Undergong

Keunst
PDF Print E-mail
fan Thomas Cole*

Image

Hoefolle riken binne ûndergien
troch ’t hege moed fan dy’t de macht
ferspraten oer de ierde?
Se brieken as in muorre, stien nei stien,
fersonken yn de neare nacht
en hiene ’t minskdom neat te bieden.

Sjoch hoe’t de reus stekt op it swarte skyld,
in Pers, in Gryk of in Romein,
se strieden foar itselde:
it hechte fûnemint foar ’t heechste byld,
sa waard de hiele wrâld ferslein,
it wiene macht en jild dy’t telden.

Sjoch hoe’t ek hjoed de reus syn dollars telt,
wat duorret al twa ieuwen lang,
dêrby syn arrogânsje;
hy seach himsels as net te brekken held
en kroep de wrâld troch as in slang,
lykwols syn macht is gjin garânsje.

Want sjoch, elk ryk sil ienkear ûndergean
dat net syn eigen flaters telt,
de skiednis hat dat boadskip bean.

* Thomas Cole (1801-1848),
in Amerikaan fan Ingelske komôf,
hat ‘De syklus fan it keizerryk’
yn in searje fan fiif skilderijen werjûn,
‘Ferneatiging’ as lêste.

admin

Kleurryk leauwe

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

De paters hiene grut ferlet
fan ’t byld fan har Marije
by de lêste siken fan de Soan,
gjin brûns of stien, soks paste net,
it kleurpalet, dat hie in oare toan,
Jehannes soe de opdracht krije.

Jehannes fielde him wol thús
yn ’t wrâldbyld fan de frouwen,
dêrom moast der noch in byldfaam by
yn ’t skynsel tusken krús en krús
en foar Jehannes yn de reade pij,
de twadde, foar syn Hear de trouwe.

Twa froulju kamen sa yn byld,
dy’t by it krúshout bleauwen
tusken globe en de glêzen bol;
de ierde hat de deadsskok field,
it hert sloech twa kear oer, de geast wie fol,
de paters koene kleurryk leauwe.

* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘Allegory fan it leauwe’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum