Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Wurk, wask en stopje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Wouter van Troostwijk*
fan Wybrand Hendriks**

Image

It lânskip wie in paradys,
by ’t wetter wei nei hegerop
as rûn men oer in himelpaad
al harkjend nei de fûgelrop
sa nei ús Leave Hear
en boppedat, de beammen joegen skaad.

Der wie gjin ingel mei in swurd,
mar ’t libben snie der djipgeand yn
mei foar de boer acht kij en bou
en njoggen biggen by it swyn,
dus nea wie ’t lânwurk klear,
o ja, de wite wask wie foar de frou.

De simmerdagen binne lang,
dan wurdt de holle wolris swier
en jout de pipe him ek del;
in wite ingel ropt fan fier:
‘De nuddel docht my sear,
sis leave, wannear hâldt dit stopjen op?’

Image

* Wouter van Troostwijk (1782-1810)
wie ien fan de belangrykste skilders
fan de Romantyk, hoewol’t er jong
stoarn is.

** Wybrand Hendriks (1744-1831)
skildere lânskippen en sjenrestikken.

admin

Memmedream

Keunst
PDF Print E-mail
fan Friedrich von Amerling*

Image

It foel net ta as jonge mem
sa’n hiele dei mei him allinne,
as er dan mar boartsje soe,
’t wie inkeld bargje wat er woe,
sy hat him trije kear ferskjinne.

En jûn net mei in stôk op bêd
te krijen, fielt him sa allinne
mei syn beide eagen ticht,
wol earst ris sjen nei mems gesicht,
hoe ticht har beide eagen binne.

Sy docht him libbenslang al foar
mei beide eagen altyd iepen
hoe’t er grutter wurde sil,
mar hjoed hat hy in eigen wil
dy’t seit: ‘De hiele nacht net sliepe.’

Ien pakt har by de earm en leit
dy hoeden om syn skouders hinne:
‘Wolst dat ‘k mei dy dûnsje sil?’

* Friedrich von Amerling (1803-1877)
makke yn opdracht fan keizer Frans Jozef I
en de Weenske elite portretten
en sjenreskilderijen. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum