november 12, 2016
fan Paul Kane*
De Métis libben yn in weagjend gea dêr’t sels de kym gjin grins fan wie, ûneinich like har bestean fan blide berte oant de drôve dea, dêr’t elk syn eigen part fan hie, de jacht bea har ’t fertsjinne lean. De buffels libben yn itselde gea, It each seach op ‘en doer gjin buffel mear * Paul Kane (1810-1871) |
november 12, 2016
fan Henri De Braekeleer*
It is mar wêr’t men ’t meast fan hâldt, it útsicht op ‘e kachel of de katedraal, in strange winter of in hjitte simmer, troch de mûle of de hân in haal, it is de fraach fan man of frou en ek hoe âld. Hy hat it fjoer deryn en hâldt Sy hat de gong deryn en hâldt * Henri De Braekeleer (1840-1888) |