Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Nei de skieding

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

As de himel yn de jûntiid flammet,
wurde loft en wetter ien,
gjin kym kin dat patroan ferbrekke,
’t is mei it skieden dien.

Falt de nacht, dan sil dy net beskamje
wat de jûn oan ienheid brocht,
teminsten as it tsjuster hearsket,
’t is oars mei moanneljocht.

Brekt dat skynsel troch de wolken,
skôgje fiskers oer de see
nei ’t fleanen fan de wite gidsen,
sjedêr in gaadlik stee.

Weagjend tusken neat en folle netten,
wachtsje sy de moarntiid ôf,
as ’t sinneljocht bringt skerpe skieding,
begroetsje sy de frou.

Image

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Sinsûndergong’
Skilderij ‘Fiskers op see’

admin

Frijheidsstriid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emanuel Gottlieb Leutze*
fan Emiliano Gironella Parra**

Image

Hâldt Ingelân de siel beset,
dan lôget heech it frijheidsfjoer,
ús naasje sil oerwinne,
wy stekke iisrivieren oer,
de hjitte striid is hjoed ús wet.

Wylst skossen skokke folk en boat,
bliuwt Washington foarop oerein,
hy fart der streekrjocht hinne,
syn geast ia al de stream oer flein,
wat folget is de hiele float.

Gjin Ingelsman hâldt dan noch stân
as ’t fjurrich moed ferdriuwt it iis
sa’t snie raant yn de sinne,
de striid is oer, ús wet is wiis,
Gods geast waait oer it heitelân.

Mar as de streek en stjer befriest
troch dollars yn de naasjegeast,
dan is ’t de frijheid dy’t ferliest.

Image

* Emanuel Gottlieb Leutze (1816-1868)
wie in Amerikaanske skilder fan Dútske komôf.
Skilderij ‘Washington stekt de Delaware oer’

** Emiliano Gironella Parra (1972-…)
is in Meksikaanske keunstner dy’t opkomt
foar de identiteit fan syn heitelân. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum