november 12, 2016
fan Rosa Bonheur* fan Edwin Landseer**
De hoeven dreune op ‘e hurde grûn, want drave sil de hynstekloft de hiele baan yn ’t rûn, sa út en troch de poaten yn de loft. De stive leie hat har yn de macht, Hjoed is it hynder inkeld hannelswaar Mar hy is eigen baas, it stiet him frij * Rosa Bonheur (1822-1899) ** Edwin Landseer (1802-1873) |
november 12, 2016
fan William Turner*
Twahûndert jier ferlyn lei Londen ûnder wolken fan belofte mei in krânse sinneskyn, ûneinich fier de kym, in foarbyld foar de folken. En yn ús eigen tiid Twa ieuwen lyn, gjin god * William Turner (1775-1851) |