Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Leafdesbrieven

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

It wie noch net de ieu fan ynternet,
fan emails en getwitter
mei it hert oer hiel de wrâld
en ek werom, ’t komt nea te let,
dochs is de smaak soms bitter.

Image

De tsjinstfaam hat it skriuwen by har brocht
wylst sy mei ynmoed spile
’t herteliet, al ieuwenâld,
de keamer waard ynienen ljocht…
de faam moast apels skile.

‘Myn leave skattebout, wês no net kâld,
ik jou hjoed noch myn siele.’

Hy sloech in snaar oan fan har inerlik,
dy’t folop resonearre,
trillings nei har rjochterhân
dy’t wurden waarden, stik foar stik
har herteklop… tegearre!

‘Myn bêste jonge, brûk ek dyn ferstân,
dyn siele kin ‘k al fiele.’

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘De leafdesbrief’
Skilderij ‘Frou dy’t in brief skriuwt’

admin

Wrâldsk bestel

Keunst
PDF Print E-mail
fan F. Boulanger*
fan Jean-Baptiste De Jonghe**

Image

De ieuwen troch is ’t yn de hichte gien
mei tsjerke, katedraal, abdij,
se wiene dêryn ien en mien,
it heil fan Wurd en koar bleau nij.

De swarte froulju mei de wite kap
beskôgje ’t heil no fan it plein,
elk hat in miening, stap foar stap
sil ’t hjoed wer nei de kreamkewein.

De wein rydt jûn wer fuort, it plein wurdt leech,
sa giet it yn it wrâldsk bestel,
lykwols de katedraal bliuwt heech,
it heil jout him perfoarst net del.

De ieuwen taaste ek de muorren oan
fan tsjerke, katedraal, abdij,
it Wurd is op dat plak ferstoarn,
it koar leit der earmoedich by.

De hoeder hat de keppel binnenbrocht,
syn hûn jout him hjoed noflik del,
de skilder boartet mei it ljocht,
sa is de tsjerke noch yn tel.

Image

* F. Boulanger (1819-1873)
wie in Belgyske skilder fan stedsgesichten.

** Jean-Baptiste De Jonghe (1785-1844)
wie in Belgyske lânskipsskilder.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum