Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Moarmer en terrakotta

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lysippus*
fan ûnbekend**
Image
Sa hurd as moarmer wie syn styl
en glânzjend troch de ieuwen hinne,
tank oan Alexander, grut fan aard,
syn striid hat ta in wrâldryk laat,
de kontekst foar Europa’s siel,
dy’t oars net koe as winne.Ekspânsje waard it hege wurd,
de wrâld oer mei oerdei de sinne
fan it easten nei it westen ta,
Europa moast de oerhân ha,
fan noard nei súd, fan lyts nei grut,
de stjerren soene winne.

It suden song op oare toan
by moanneljocht, sa’t swarten kinne,
read as terrakotta wie har styl,
elk naam oan ’t ritedûnsjen diel,
it stamhaad droech in minskekroan,
sa kin de tiid ek rinne.

Image

* Byld fan moarmer ‘Alexander de Grutte’
** Byld fan terrakotta ‘Kroane holle’

admin

Yn de spegel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hoe stie se yn de folle earnst
fan ’t libben, yn harsels fersonken
sûnder dat wat boppe kaam,
it hearde by har, ’t wie har wenst,
gjin fierten dy’t har wonken.

‘Kom mei nei ’t paradys, myn faam,
dêr’t twa rivieren brûzjend streame
sûnder dat men ûnder giet,
ik stean foar dy as sterke daam
om fan dyn stal te dreamen.

Lûk heger ’t himd, it moat net wiet,
it wetter wurket as in spegel,
lit my streakje wat dêr driuwt;
it is myn driuw dy’t ik dy bied,
’t giet yn tsjin earnst en regel.’

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Hendrickje Stoffels’
Skilderij ‘Hendrickje yn bad’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum