Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Eigen model

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Image

Strûp út de klean, it boppekleed
it earst en dan de skouderdoek,
want daliks sil it heve,
lit sakje ek de ûnderbroek,
de slang is jim model,
ik hâld him beet.

Jim stean no yn it bleate fel,
kom op, glyd hoeden nei elkoar,
hâld del jim hurde koppen,
pak fêst, dêr binne kloeren foar,
wa’t earst leit, is de lul,
ik sjoch en tel.

Strûp út de klean, mar net folslein,
jim bliuwe yn bikiny stean
mei diskus en gewichten,
emansipaasje is jim lean
mei ’t eigen gymmodel,
de grins ferlein.

Image

* Fresko ‘Wrakselers’
(sirka 520-530 foar Kristus)

** Mozayk ‘Gymnasten’
(sirka 375 nei Kristus)  

admin

Krisistiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Petrus Johannes Schotel*
fan Wijnand Nuyen**

Image

Hoe faak wie hy de see opfearn
wylst wolken hurde wyn foarseinen
en weagen batsten tsjin de boech,
hy wist der bliuwt gjin trie mear droech,
it sette ek noch op in reinen.

It moast, fisk wie syn deistich brea
en ek fan dy’t thús op him wachten,
in minne tiid lei foar de boech,
omdat de krisis harren sloech,
gjinien mear nei syn hjerrings smachte.

De stoarm sloech beide, boat en hûs,
it houtwurk koe it net ferneare,
it húsrie bleau dy dei net droech,
want loft en weagen eagen rûch,
de tiidsee soe fûleinich beare.

Image

* Petrus Johannes Schotel (1808-1865)
skildere foaral seetafrielen.

** Wijnand Nuyen (1813-1839),
dy’t beynfloede waard troch de Frânske Romantyk,
ûntwikkele him ta in bysûnder keunstner.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum