Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Brutsen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Henry Wallis*

Image

Se seine, ’t stie no yn de wet:
wa’t him op strjitte deljoech,
moast it earmhûs yn;
’t wie neat foar him, hy woe it net,
seach mear yn wyn en sinneskyn.

Se seine, dan mar yn de stien:
hy koe wol rotsen brekke
mei in hammer, klap
op klap, yn wyn en sinneskyn,
mar neat wie foar de grap, ’t moast rap.

’t Waard hjerst, net folle sinne mear,
wol wyn, ’t wie om te frekken
yn syn bûtensel,
hy sloech noch hûnderttrettjin kear,
doe briek er sels, hy joech him del.

Se seine, by ús Leave Hear
koe hy in potsje brekke.

* Henry Wallis (1830-1916)
skildere ‘De stienbrekker’
as kommentaar op ‘e
Earmewet fan 1834.

admin

Hel of himel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Vasnetsov*

In fûgel slacht de wjukken út
en riist fier boppe ’t minskeryk
dat eaget as wie ’t sletten,
mar de fûgelwrâld ûntslút
geheimen, driuwend op termyk.

Image

Dêr strykt de fûgel Gamajoen
klapwjukkend op syn tûke del
en skuort de eagen iepen,
want de jefte is him jûn
te skôgjen hegerop en del.

Foar eagen komt him earst it swart
fan Sirin mei de holle del,
ferslein de beide wjukken:
‘Dizze fûgel hat gjin part
oan ’t libben, ik foarsis de hel!’

Dat is net wat it minskdom past,
dus krijt de fûgel Gamajoen
in ljochter byld foar eagen,
’t is de fûgel Alkonost:
‘De himel is de minske jûn!’

Image

* Viktor Vasnetsov ( 1848-1926)
Skilderij ‘Gamajoen, de profetyske fûgel’
Skilderij ‘Sirin en Alkonost, fûgels fan fertriet en freugde’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum