Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Hjoed hjit moarn kâld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Alles wiisde op in gleone dei
lykas allinnich yn Asnières
foarkaam, triljend hjit,
de situaasje wie dernei
om dêr te libjen of te stjerren.

Swittend fuorre hy it lôgjend fjoer
mei koalen om mar gong te hâlden
oer de brede stream;
hy wist, it libben hat gjin doer,
in masinist is faak ferkâlden.

Sy flanearre by de weachjes lâns
mei ’t parasoltsje foar de sinne,
dreamend oer de stream
fan libben, reitsjend út balâns
troch reek en roet, swart oer har hinne.

Skilderjend seach hy it streamen oan
fan wetter, reek en ek it libben
tusken read en swart,
der wie in juster, mar in moarn?
Hjoed hjit moarn kâld, wat noch te stribjen?

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Brêgen by Asnières’

admin

Spulnocht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

It wie har dreech genôch, it stik
foar stúdzje op gitaar,
se joech de snaren noch in tik
en kipe efkes yn it waar.

Hy harke al in foech kertier
nei ’t spul, it ear by ’t rút,
it prike him fan tean oant hier,
in tik, ynienen wie it út.

Sy seach him tsjin de muorre stean,
ien dy’t der wêze mocht
mei hoed en yn foarname klean,
it wie syn hân dy’t nei wat socht.

Hy sei: ‘It spul is net sa min,
‘k bin fol bewûndering,
mar wat noch justjes better kin,
dêr soarget dit foar, as ik ming.’

Der kaam in krûkje foar it ljocht,
dat mocht der fan har yn
mei him dy’t swier en spulnocht brocht,
mong wille mei de reade wyn.

Sy tikke fleurich snaar foar snaar,
hy op it bleate fel
en skôge lang by har yn ’t waar,
it drege stik wie net yn tel.

* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘Famke drinkend mei in hear’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum