fan Paul Delvaux*
Se kamen hastich by elkoar,
ien is noch jong, de rest is âld,
de hege hearen fan de wize les,
se witte allegear wêrfoar
en dêrom ek dit needkongres,
want moarn fergiet de wrâld.De dames hawwe ek ferlet
om mei te praten oer de ramp,
se binne allegear net oan de miet
en ha har sin op ’t libben set,
it mier oan opgean yn in damp
as moarn de wrâld fergiet.
De hearen yn in drok petear,
gjinien sjocht dêr de dames stean,
om’t elk bebiten is yn eigen sâlt,
se reitsje mei harsels net klear,
dus gean de froulju út ‘e klean,
want moarn fergiet de wrâld.
Rampsillich dat fan har in pear
mar each en ear ha foar wat hâldt
de bleate froulju by de wize les,
se komme foar de ramp net klear
op harren hegeneedkongres,
ja, sa fergiet de wrâld.
* Paul Delvaux (1897-1994)
wie in Belgyske skilder,
dy’t nei in ekspresjonistyske perioade
oergie op ‘e surrealistyske styl.
|