Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Bleate dream

Keunst
PDF Print E-mail
fan Miguel Tió*

Se binne útklaaid troch de wrâld,
want alles moast op ’t lêst globaal,
dat tin wie ’t oerflak fan ’t bestean
mei striid as har fertsjinne lean,
it waard op ierde yslik kâld.

Lykas beskreaun yn it ferhaal
dat spile yn it iepen fjild,
wie frede harren hoop en treast,
it slomjend Bern it aldermeast,
elk dreamde yn syn eigen taal.

Image

En doe’t it folk de djipte socht,
de dream fan frede waard massaal,
kaam ’t fjoer yn ’t neakene bestean…
de hichte is om yn te gean
en boppe har ferriist it ljocht.

* Skilderij ‘Peace… peace… peace’

admin

Mystearjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan Marc Chagall**

Image
Sa wolkom wêze kin in bern,
al is it dan op ’t rûge strie
en ûnder ’t byntwurk fan in stâl,
it is oandwaanlik om te sjen,
elk is mei dit mystearje mâl.

De mem en heit stean yn it ljocht
dat strielet fan dit wûnder ôf
en bynt de minsken oaninoar;
de hoeders ha dit skynsel socht
en steane der yn deemoed foar.

It felle ljocht leit achter har,
de houten wente brânt as strie
omdat sy in Joadinne is,
de pogrom wie foar ’t bern te bar:
de skreau, fan ’t libben net mear wis.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De oanbidding fan de hoeders’

** Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Fjoersee yn de snie’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum