Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Troch it kier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Bodi*

Image

Hy wie de frijheid wend
en foel op oaren oan
foar eigen wolbehagen,
oars hie ’t bist net kend,
syn skreau joech oan de toan.

It komt elk wolris oer
dat mei in klap de wand
skoot ticht, de knyntsjedagen
binne oer, gjin foer
yn frijheid, fan gjin kant.

Foar wa’t net fierder fljocht,
op syk nei ’t iene kier
mei sicht op wêr’t it daget,
is gjin hoop op ljocht,
wurdt nea fan bist ta dier.

* Skilderij ‘De iene of oare reizger’ 

admin

Herkules en it swyn

Keunst
PDF Print E-mail
fan Laurent Delvaux*

Image

’t Kin elkenien oerkomme
as de holle op ‘e doele is,
gjin stjoer mear oan de hannen jout;
it giet mei frou en berntsjes mis
wannear’t har man der rûch op hout…
wat koe it Herkules ferdomme!

Foar straf moast hy doe stride
tsjin de tolve, suver net te dwaan,
dêr’t ien fan wie it sterke swyn,
dat mei syn slachtosk elk ferslaan
koe, siedde ’t fjild mei eangstbloed yn
en rispe ’t fleis fan alle siden.

Mar Herkules hie spieren
hurd as stien, gjin slachtosk krong deryn;
oer beide hannen kriich er stjoer,
sadat er rap syn fijân fong…
en oan syn fuotten siet it swyn
as wie ’t it tamst fan alle dieren.

* Laurent Delvaux (1696-1778)
is ek bekend wurden fan de preekstuollen
dy’t er makke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum